'Philips Drachten sil net slute'

07 apr 2006 - 21:42

De wurknimmers fan Philips yn Drachten hoege har gjin soargen te meitsjen oer har wurk. It wurk yn Drachten is net te ferpleatsen nei lege-leanelannen. Dat sei direkteur Jan Konijnenberg freedtemoarn by de besite fan Deputearre Steaten oan de fabryk.

Hy reagearre dêrmei op de sluting fan de Philips-fabryk yn Weert. De fabryk yn Limburch moat ticht om't it wurk yn oare lannen goedkeaper dien wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)