'Philips Drachten bûten skot'

23 sep 2014 - 12:10
  • Philips

It sjocht der net nei út dat de oankundige reorganisaasje by Philips gefolgen hat foar de festiging yn Drachten. Dat seit Jan Kampherbeek fan it fakbûn CNV.

Philips makke moandei bekend dat de divyzjes sûnenssoarch en konsuminteprodukten gearfoege wurde. De ljochtdivyzje wurdt ferselsstannige en mooglik ferkocht. De festiging yn Drachten falt ûnder konsuminteprodukten. Der wurkje sa'n twatûzen minsken. Yn Drachten wurde njonken de bekende skearapparaten ûnder oare ek stofsûgers en kofjesetapparaten ûntwikkele en produsearre.

CNV-er Kampherbeek makket him wol soargen oer de festiging yn it Grinzer Winschoten, dy't ûnder de ljochtdivyzje falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)