Philidor op promoasjekoers

07 apr 2013 - 12:08
  • Skake

De skakers van Philidor 1847 út Ljouwert ha sneon goeie saken dien yn de earste klasse fan de lanlike kompetysje. Se wûnen sels fan it sterke team fan Purmerend, wylst harren konkurrint Max Euwe Enschede ferlear fan Amstelveen. Troch dizze útslach komt alles oan op de lêste kompetysjewedstriid oer twa wike. Philidor, dat twadde stiet, spilet dan tsjin de koprinner Max Euwe en moat winne om kampioen te wurden

Dêrmei soene se promovearje nei de mesterklasse, de heechste klasse yn it skaken. It is 16 jier lyn dat Philidor foar it lêst yn dy klasse spile hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)