Phazezhuys ûnder tafersjoch

03 aug 2013 - 08:10
  • It Phazezhuys yn Drylts

Soarchynstelling Het Phazezhuys yn Drylts en Snits stiet de kommende tiid ûnder ferskerpe tafersjoch fan de ynspeksje foar de sûnenssoarch. Yn it Phazezhuys wurde minsken mei psychyske problemen foar langere tiid opfongen. De ynspeksje hâldt it Phazezhuys al langer yn de gaten, mar likegoed binne der net foldwaande ferbetterings.

By in earste kontrôle yn maaie 2012, doe't it Phazezhuys krekt úteinset wie, die bliken dat de begeliedingsplannen foar de kliïnten ûnfoldwaande wiene en dat der net genôch gearwurking mei oare soarchoanbieders is.

It ferskerpe tafersjoch jildt foar seis moanne. Direkteur Hemming fan it Phazezhuys seit him te herkennen yn de krityk fan de ynspeksje. Neffens him sil er de administrative kant fan syn ynstelling no op oarder bringe. Dat hie er noch net dien omdat er nei eigen sizzen it jild leaver oan help besteegje wol. Fierder jout Hemming oan dat gearwurking mei oare soarchoanbieders in probleem is, omdat it Phazezhuys in frijwat oare wurkwize hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)