Peugeot hielendal leechhelle yn Snits

21 apr 2015 - 10:38
  • Auto-ynbraak

Unbekenden hawwe tusken 16 en 20 april yn Snits it komplete ynterieur fan in Peugeot 406-coupé stellen. De learen sportstuollen, achterbank en it dashboerd binne fuorthelle. De auto stie achter in bedriuw oan de Kolenbranderstrjitte.

Neffens de eigener hie hy earder besite hân fan twa bûtenlânske manlju dy't belangstelling hiene foar de auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)