Petysje tsjin plan Nij-Saailân

05 maaie 2006 - 15:33

Fjouwer opposysjepartijen yn de gemeenteried fan Ljouwert advisearje ynwenners fan Ljouwert om 'nee' te stimmen by it referindum oer it plan Nij-Saailân. FNP, NLP, SP en ChristenUnie sille sneon en de twa sneonen dêrop de strjitte op om mei minsken te praten.

Dy kinne in petysje ûndertekenje en se kinne folders en posters krije. De partijen binne tsjin de plannen omdat se de kosten te heech fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)