Petysje tsjin namme 'Ljouwert'

05 nov 2013 - 17:18
  • De petysje tsjin de namme Ljouwert op petities.nl

Neat gjin Ljouwert; Leeuwarden moat de offisjele namme fan 'Liwaddden' bliuwe. Dat fynt Gerard Bijker út de Fryske haadstêd. Omdat it Frysk troch de weryndieling no in offisjeler plak krijt by de gemeente Ljouwert hat Bijker in petysje opsteld op petities.nl.

Al in pear hûndert minsken hawwe hjir oanjûn dat Leeuwarden Leeuwarden bliuwe moat. Der binne lykwols gjin plannen fan de gemeente om de namme te feroarjen yn Ljouwert, mar Bijker fertrout it net en wol mei de petysje alles foar wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)