Petysje tsjin ljipaaisykjen

25 jan 2012 - 06:47
  • Ljipaai

De Partij voor de Dieren is in online petysje begûn tsjin it ljipaaisykjen. Yn in pear dagen tiid hawwe goed 200 minsken út hiel Nederlân de petysje tekene. De partij ropt yn de petysje de provinsje op dit jier gjin ûntheffing te ferlienen om yn maart ljipaaien te sykjen.

It meinimmen fan de aaien is yn hiel Europa ferbean. Mar om't it hjir tradysje is, mei de provinsje hjir dy ûntheffing wol ferliene. Neffens de partij bringt dat skea ta oan de fûgels. It is de safolste aksje tsjin it ljipaaisykjen. Yn de earste wike fan febrewaris stiet ek noch in sitting by de Raad van State op de aginda dêr't de ûntheffing bepraat wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)