Petysje Thom de Groot oanbean

10 mrt 2014 - 11:43
  • De petysje wurdt troch de inisjatyfnimmers oerlange oan Lutz Jacobi
  • De stâl is klear foar it fee
  • Petysje Thom de Groot

It is noch hieltyd net dúdlik wannear't it fee fan biologysk boer Thom de Groot fan Goattum weromkomt. Freed waard wol dúdlik dat oan alle betingsten dy't de rjochter steld hat oan de weromkomst fan it fee foldien wurde kin. Op syn pleats yn Goattum is moandei de petysje oerlange dy't sa'n 1000 minsken ûndertekene hawwe.

De petysje is tsjin it fuortheljen fan it fee fan de bioboer. Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA naam de petysje yn ûntfangst en sil dy trochjaan oan steatssiktaris Sharon Dijksma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)