Petysje oer drankmisbrûk

20 nov 2007 - 16:12
  • Fryske bestjoerders biede alkoholpetysje oan yn Den Haag

Deputearre Schokker en boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf hawwe tiisdei in petysje oer misbrûk fan alkohol oanbean oan 'e Twadde Keamer. De petysje is opsteld troch de provinsje, justysje, de sûnenssoarch en de Fryske boargemasters.

Der moat mear foarljochting komme en alkohol moat minder maklik te keap wêze yn 'e winkels. De provinsje hâldt in ûndersyk oer it misbrûk en besjocht de slutingstiden fan 'e hoareka.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)