Petysje Kulturele Haadstêd

06 des 2011 - 12:24

In soad pommeranten en bekende Friezen sprekke harren út foar dielname fan Ljouwert en Fryslân oan de Kulturele Haadstêd 2018. Se hawwe harren namme set ûnder in petysje dy't tiisdei iepenbier wurdt mei de kop 'Culturele Hoofdstad van Europa 2018 is dé kans voor Leeuwarden en Fryslân.'

Foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening stiet dêrûnder, mar ek CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe en Omrop Fryslân-direkteur Jan Koster, saaklik lieder Siart Smit fan Tryater en foarsitter Diana Monissen fan de rie fan bestjoer fan soarchferskerder De Friesland. Haadredakteur en direkteur Lútsen Kooistra fan it Frysk Deiblêd hat ek foar de ferklearring tekene dy't tiisdei ek op de opinyside fan syn krante stiet. Freed stie der noch in kritysk haadartikel yn syn krante oer de Kulturele Haadstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)