Petysje foar nije soarchstruktuer yn regio NE-Fryslân

06 des 2014 - 11:34
  • Petysje goede-zorg-dichtbij

Gemeenten en soarchpartijen yn Noardeast-Fryslân binne in online-petysje begûn om it regear op te roppen mei te wurkjen oan de nije soarchstruktuer yn de regio. Nei it fallisemint fan de Pasanagroep, wêrûnder sikehûs De Sionsberg yn Dokkum, ha de partijen freed in plan opsteld om yn de regio soarch te behâlden.

Minsken kinne oant en mei tiisdeitejûn de petysje op petities.nl/petitie/goede-zorg-dichtbij-in-noordoost-friesland tekenje. De petysje wurdt 10 desimber oanbean yn Den Haach, wannear't de Twadde Keamerkommisje oer Pasana praat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)