Petysje foar 'knelgevallenregeling' Fryske boeren

03 feb 2015 - 06:37
  • Mûzeskea

Tsientallen boeren yn Fryslân gean oer de kop as der gjin skeafergoeding komt foar de mûzeskea. Dat seit boer Jelle Bouma fan Skearnegoutum. Bouma reizget tiisdei nei Den Haach om dêr in petysje oan de Twadde Keamer oan te bieden.

Yn de petysje pleitsje de boeren foar in saneamde 'knelgevallenregeling' foar kollega's dy't troch de mûzeskea yn finansjele problemen reitsje. Bouma hopet in mearderheid fan de Twadde Keamer te oertsjûgjen fan de needsaak fan sa'n regeling.

Earder joech steatssekretaris Sharon Dijksma al oan dat der gjin jild beskikber is foar skeafergoeding. Dat die se by har besite oan Fryslân om de skea mei eigen eagen te besjen. Dochs is Bouma posityf oer de kâns dat Den Haach wol ynstimt mei sa'n 'knelgevallenregeling'.

Tiisdei beslút Deputearre Steaten fan Fryslân boppedat oft de skea op de perselen fan de Fryske boeren taksearre wurde sil troch it Faunafûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)