Petysje foar behâld gefang

07 feb 2013 - 12:35
  • Finzenis De Marwei yn Ljouwert

Yn de finzenissen yn it noarden is troch de fakbûnen in petysje oanbean oan it personiel om te ûndertekenjen. Ynset is om alle finzenissen yn it noarden iepen te hâlden. Ferline jier lekte in list út fan finzenissen dy't ticht moatte fanwege besunigings. Feanhuzen, Hoogeveen en Ter Apel stean derop. De Marwei net, mar ek dêr binne se der net hielendal gerêst op.

Njonken de petysje fan de fakbûnen en it personiel hawwe de foarsitters fan de noardlike ûndernimmingsrieden ek in petysje makke en ûndertekene.

De petysjes wurde meikoarten oanbean oan de haaddirekteur fan de finzenissen yn Nederlân en steatssekretaris Teeven fan justysje. Foar alle ynwenners yn de noardlike provinsjes is digitaal ek noch in petysje makke. Dy is te finen fia www.petities.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)