Petysje en Facebook-aksje foar seehûnerêder Wiegman

27 jan 2016 - 08:46
  • Wiegman moat sike seehûnen gean litte.
  • Jonge seehûn sûnder mem
  • Hessel Wiegman mei in sike seehûn op it strân fan Skylge

De Skylger seehûnerêder Hessel Wiegman krijt in soad stipe fan sympatisanten op Facebook en fia in petysje. Wiegman hat oant no ta fyftich jier seehûnen opheind. Hy is no op de fingers tikke troch kontrôle-organisaasje NVWA. Dy hat tsien seehûnen by him wei helle. Tiisdei hat Wiegman foar it earst in sike seehûn gean litte moatten. Dat die him bot sear.

De Skylger sjonger Hessel van der Kooij ropt op ta in crowdfundaksje om Wiegman oan syn eigen opfang te helpen. De petysje hat oant no ta goed 7500 hantekenings opsmiten.

De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit fynt dat de opfang inkeld dien wurde mei troch offisjeel erkende seehûne-opfangynstânsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)