Petter Hansson nei Serie A?

07 mrt 2007 - 16:53
  • Hansson mooglik nei Italië

Neffens Eurosport hat Petter Hansson in petear hân mei Atalanta Bergamo út de Italiaanske Serie A. Hansson is mei syn fyfde seizoen dwaande by SC Hearrenfean.

Omdat de sintrale ferdigener oan de ein fan dit seizoen transferfrij is, is der ynteresse fan klups út Itaalje en Ingelân. Neffens Eurosport kin Petter Hansson in kontrakt tekenje dat him foar de kommende trije jier ferbynt oan Atalanta Bergamo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)