Petra Grimbergen wint maraton

17 nov 2002 - 00:00

Petra Grimbergen fan It Hearrenfean wûn sneon de reedryd-maraton yn Haarlim. Grimbergen wûn de einsprint, Gretha Smit wie doe al útskeakele troch in fal. Grimbergen giet no ek oan de lieding yn it klassemint by de froulju.

By de manlju wûn KC Boutiette yn in massasprint, Jan Maarten Heideman waard twadde en Cedric Michaud tredde. Bert Jan van der Veen fan 'e Jouwer waard 11de. Yn it klassemint liedt Heideman foar Michaud en Bert Jan van der Veen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)