Petra Dušková wint earste Tsjechysk damkampioenskip Frysk

23 des 2015 - 10:23

Petra Dušková hat tiisdei yn Praag it earste Tsjechysk damkampioenskip Frysk spul wûn. Petra Dušková is yn Fryslân gjin ûnbekende, omdat se ek spilet foar de Damkombinaasje Fryslân. Tsjechië hie de primeur fan it earste nasjonale kampioenskip damjen neffens de Fryske spulregels.

Kommende snein wurdt it Nederlânsk damkampioenskip Frysk hâlden yn Tresoar yn Ljouwert. Mear nasjonale kampioenskippen steane foar jannewaris en febrewaris kommend jier op de aginda yn België, Frankryk en Italië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)