Peter R. 'net ûntefreden'

19 apr 2013 - 15:23
  • Peter R. de Vries

Misdiesjoernalist Peter R. de Vries is net ûntefreden oer de útspraak fan de rjochter yn de saak-Vaatstra. Hy hie ferwachte dat Jasper S. feroardiele wurde soe foar 18 oant 20 jier. De Vries hat de saak fan it begjin ôf folge foar syn televyzjeprogramma en hy stie de famylje by.

Yn 2000 stapte De Vries sels nei de rjochter om in grutskalich DNA-ûndersyk ôf te twingen. Peter R. de Vries wie sels ek by de útspraak oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)