Peter Meindertsma fêstlein

17 nov 2010 - 16:18
  • Foarsitter Spinder fûstket mei de nije trainer (foto: Sportfoto.nl)

Peter Meindertsma waard woansdeitemiddei presintearre op sportpark De Bosk as de nije trainer fan topklasser Harkemase Boys. Hy wurdt per 1 jannewaris de opfolger van Henk de Jong, dy't dan folslein by Cambuur oan 'e slach sil.

Meindertsma tekene in kontrakt foar de twadde helte fan it seizoen. As de prestaasjes goed binne en it klikt tusken trainer en ploech, dan sit in langer kontrakt deryn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)