Peter Kolder giet kommersjeel

14 jun 2010 - 13:18
  • Peter Kolder (foto: KNSB)

Peter Kolder wurdt mei yngong fan 1 july trainer fan de kommersjele reedrydploech fan Marianne Timmer, Annette Gerritsen en Margot Boer.

De 34-jierrige Kolder, ynwenner fan Nijeholtpea, wie de lêste acht jier yn tsjinst fan 'e KNSB as trainer fan Jong Oranje en it Opliedingsteam Langebaan. Yn dy tiid hat er ek wurke mei Annette Gerritsen en Margot Boer. Kolder, al begûn oan it nije seizoen mei Jong Oranje, krijt fan 'e KNSB alle meiwurking foar syn oerstap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)