Peter de Vries wint yn Eindhoven

03 nov 2003 - 00:00

Peter de Vries fan It Hearrenfean wûn sneon de maraton yn Eindhoven. It wie op net al te bêst iis in spannende wedstriid. De Vries siet yn in kopgroep fan 8 man, dêr't er yn 'e lêste rûntsjes mei ôfweefde. Arjan Stroetinga fan Easterwâlde waard twadde en is no de nije lieder fan it klassemint.

Grutte nammen as KC Boutiette, Heideman en Michaud misten de slach doe't de kopgroep fan 8 man fuortspatte en al gau in rûntsje foarsprong pakte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)