Peter de Vries wint KNSB-maraton

04 des 2000 - 14:27

Peter de Vries út Oranjewâld hat sneon de njoggende KNSB-maraton reedriden yn Alkmaar wûn. De 32-jierrige Fries kaam mei in soarte fan spagaatslach krekt foar Wubben oer de finish.

De eardere Cupwinner, dy't yn 1987 by in auto-ûngemak syn skonk ferbrizele, rekkene net op in oerwinning. Flak foar de ein sette er fûl de einsprint yn en helle dêrmei syn earste seizoenssege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)