Peter de Roo assistint-trainer

25 jan 2005 - 16:08

Peter de Roo is foar de rest fan it seizoen de assistint-trainer fan haadcoach Jan Schulting by fuotbalklub Cambuur. De Roo wie oant no ta de trainer fan de beloften. Dy wurde no traind troch Claus Rozenburg. Hy komt út de advysgroep technyske saken.

De nije trainer Roy Wesseling hat in petear hân mei Jan van Raalte foar de funksje assistint-coach foar it nije seizoen. Hoewol't it gesprek posityf ferrûn, wurdt Van Raalte it net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)