Petearen SC Hearrenfean mei Art Langeler ôfbrutsen

10 mrt 2016 - 10:11

SC Hearrenfean is net langer yn petear mei Art Langeler foar de funksje fan trainer. Dat meldt it AD. De ôfrûne tiid hat Langeler ferskate kearen mei de Feansters om tafel sitten, mar dy petearen binne no ôfbrutsen.

Langeler is op it stuit haad jeugdopliedings by PSV, mar meardere klups soenen belangstelling hawwe yn de trainer. SC Hearrenfean stiet no noch ûnder lieding fan Foppe de Haan, mar de ynterim-coach hâldt oan de ein fan dit seizoen op as trainer fan de ploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)