Petear Vaatstra's op Ned.2

25 nov 2012 - 11:30
  • Tinkplaat Marianne Vaatstra

De útstjoering fan it Omrop Fryslân tillevyzjeprogramma Need op Freed wêryn't de broers en susters fan Marianne Vaatstra harren ferhaal dogge, is sneintemiddei te sjen op Nederlân 2. Yn it programma fertelle de twa broers en trije sussen oer Marianne en hoe't sy de jierren nei de moard op harren suske belibbe ha.

De útstjoering op Nederlân 2 begjint sneintemiddei om 15.30 oere. Op youtube is de útstjoering fan Need op Freed yntusken tûzenen kearen besjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)