Petear sûnder Van der Velde

24 maaie 2013 - 21:47
  • Earefoarsitter Riemer van der Velde

By it ferfolchpetear tusken SC Hearrenfean foarsitter Robert Veenstra en Riemer van der Velde, sit de earefoarsitter net oan tafel. Ofrûne wike wie der in earste moeting om it konflikt tusken beiden de wrâld út te helpen. Doe is besletten dat der in ferfolchpetear komt en dat is takom woansdei. Van der Velde hat mei syn twa fertrouwenspersoanen, Sjoerd Feenstra en Jan Harmsma, it earste petear evaluearre en is ta de konklúzje kaam dat hy it twadde petear oan him foarby gean lit. Feenstra en Harmsma sille foar Van der Velde it wurd dwaan.

Robert Veenstra is wol by it petear oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)