Petear sponsors en OSSH

05 apr 2013 - 12:29
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Der hat dizze wike in petear west tusken de foarsitter fan de OSSH, Hans Schipper, en de groep sponsors dy't noed hawwe oer SC Hearrenfean. De sponsors, ûnder lieding fan Arriva-direkteur Anne Hettinga, hawwe dêryn harren ûnfrede kenber makke. Binnen fjirtjin dagen komt de OSSH mei in reaksje.

Ek sil Schipper in bemiddeljende rol spylje tusken foarsitter Robert Veenstra en Riemer van der Velde. "Ik heb met beide heren contact gehad en gevraagd of ze met elkaar een kop koffie willen drinken", seit Schipper.

"Ik ga ervan uit dat dat op korte termijn zal gebeuren", sa seit de nije foarsitter fan de sakeklup fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)