Petear Proloog en skorste âlden fan De Wester

01 jul 2015 - 13:41
  • Basisskoalle De Wester yn Ljouwert

De skorste âlden fan de Ljouwerter basisskoalle De Wester ha woansdei mei ûnderwiiskoepel Proloog praat. Beide partijen komme net ta inoar, mar it petear is neffens in wurdfierder fan de âlden rêstich ferrûn. Ferline wike ûntstie in konflikt om't de âlden ûntefreden binne oer de skoallieding oangeande klachten fan geweld, yntimidaasje en misbrûk troch in 6-jierrige learling.

Yn it petear is besletten om alle bern ta te litten ta it slotfeest, mar gjin âlden. Proloog seit der alles oan te dwaan om feilichheid op it feest te garandearjen.

De skoalle hat oanjefte dien by de plysje, neidat âlden tongersdei ferhaal hellen op skoalle. De skorste âlden dogge dat ek op oanrieden fan harren advokaat, dy't se sprutsen ha. Yn in brief oan oare âlden, spruts Proloog fan grinsoerskridend gedrach. Dat fine de âlden laster. Ek wurdt in formele klacht yntsjinne by de ûnderwiisynspeksje tsjin de skoallieding.

De sân skorste bern komme net wer werom op De Wester. Alden fan tsien oare bern sizze dat se ek nei in oare skoalle gean. Woansdeitejûn is noch in besletten byienkomst foar de oare âlden op skoalle. Dêrfan krije de skorste âlden in ferslach, sa is ôfpraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)