Petear oer saak Van der Leest

04 aug 2011 - 18:30
  • Marten van der Leest yn Boppeslach Kafee (foto: Omrop Fryslân)

De keatsers Marten van der Leest en Folkert van der Wei prate tongersdeitejûn oer de ferfelende gong fan saken op de PC. Van der Leest waard doe nei de earste omloop ferfongen troch opslagger Jan Dirk de Groot fanwege in blessuere. Mar letter die bliken dat syn beide maten Folkert van der Wei en Herman Sprik net fierder mei him woenen omdat se tochten dan minder kâns te meitsjen.

Van der Leest is dêr swier oer teloarsteld. Hy woe trochkeatse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)