Petear oer opslach CO2

10 nov 2010 - 20:25
  • Fryslân wol gjin opslach fan CO2 yn de grûn

Minister Maxime Verhagen fan Ekonomyske Saken hoecht net te tinken dat it Noarden mei in ienriedich oanbod komt om hjir CO2 op te slaan. Dat seit deputearre Piet Adema. Tongersdei is der oerlis mei de trije noardlike provinsjes oer de opslach fan it guod dat foar it broeikaseffekt soarget.

Yn de oanrin nei miljeufreondliker wizen om enerzjy op te wekken, wol it ryk in part fan de CO2 útstjit ûnder de grûn opslaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)