Petear oer gaswinning

12 mrt 2007 - 11:54

Wethâlder Miedema fan Frjentsjerteradiel hat moandei oerlis mei it bedriuw Vermilion oer gaswinning. It giet oer de boaiemdelgong troch gaswinning yn twa putten by Frjentsjer. It grûnpeil is dêrtroch sterk sakke.

De gemeenteried wol de gaswinning stopsette, mar it ryk fynt dat it foarearst trochgean kin. Tongersdei wol Miedema mei in foarstel komme oer hoe't it fierder moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)