Petear oer erfpachtkwestje

27 okt 2009 - 15:21
  • Pachtprizen grûn Skylge en Flylân moatte flink omheech

De Nederlandse Vereniging fan Erfpacht, de NVE, ferwachtet gjin protesten woansdei yn Den Haach oer de erfpachtkwestje op de Waadeilannen. Yn Den Haach wurdt dan praat oer in rapport oer de ferheging dat ein maaie útkaam.

Steatsboskbehear wol de prizen fan de grûn op Skylge, Flylân en Tessel flink omheech dwaan. Yn guon gefallen giet it om in ferheging fan wol 700 persint. Eigners fan ûnder oare fakânsjehúskes binne dêr poer op tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)