Petear direksje mei Ron Jans

31 maaie 2011 - 09:42

De direksje fan SC Hearrenfean hat tiisdeitemiddei in evaluaasjepetear mei trainer Ron Jans. Veenstra sei moandei neffens de Voetbal International dat hy net útslute kin dat it evaluaasjepetear de ein fan Jans syn tsjinstferbân betsjut.

Ron Jans kaam ferline jier oer fan FC Grins, mar prestearde dit seizoen net nei ferwachting. Sc Hearrenfean einige as tolfde. De direksje wol fierder net reagearje op dit ferhaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)