Pete Miller: 'Ik woe bliuwe'

29 apr 2011 - 14:54
  • Pete Miller (foto: Omrop Fryslân)

Pete Miller hie ek takom seizoen graach coach fan de basketballers fan Aris west. Dat sei er hjoed, in dei nei de útskeakeling fan syn ploech yn de play-offs. 'Mar it is de kar fan de klup. Sy tinke mei in oare trainer noch wer in stap heger sette te kinnen', sa seit Miller.

De coach nimt mei in goed gefoel ôfskie fan Aris. Miller: 'It is in stabile en respektearre klup wurden. Ik bin bliid dat ik de kâns krigen haw om hjir te wurkjen.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)