Personielstekoart by fleanbasis

25 jun 2001 - 00:00

De Keninklike Loftmacht hat te krijen mei in grut personielstekoart. Op dit stuit stean der sa'n 1300 fakatueres iepen. De fleanbasis yn Ljouwert hat ynkoarten bygelyks sa'n 40 man nedich.

De fleanbasis Ljouwert wol de iepen dagen op 6 en 7 july oangripe om nij personiel oan te heljen. Benammen jongerein mei in technyske oplieding op mbo- of hbo-nivo binne wolkom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)