Personiele problemen foar Lodeweges

17 apr 2015 - 13:48
  • Kenneth Otigba

Kenneth Otigba stiet sneon yn de basis yn de útwedstriid tsjin PSV. De Nigeriaanske ferdigener dy't ferline wike noch lulk wie, omdat hy op de bank sitte moast, ferfangt de blessearre Joost van Aken. Van Aken hat opnij hinder fan in hamstringblessuere. Doelman Kristoffer Nordfeldt hie freed op de training in min sin. De Sweedske keeper hat lêst fan de rêch en trainde apart fan de groep. Pas sneontemoarn sil de medyske stêf in beslút nimme oft Nordfeldt spylje kin.

As Nordfeldt net spylje kin, dan makket Maarten de Fockert syn debút. By winst is PSV kampioen fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)