Personiel Walda ferbjustere

08 jun 2006 - 11:00

It personiel fan ynstallaasjebedriuw Walda yn Drachten is ferbjustere oer it fallssemint dat de direksje fan it bedriuw oanfrege hat. Neffens foar- sitter Jan Bouma fan de ûndernimmings- ried wie der noch genôch wurk foar de njoggentich wurknimmers.

Woansdei waard bekend dat tongersdei it fallissemint útsprutsen wurde sil. Direkteur Geertsma wegeret kommentaar, mar neffens it fakbûn CNV binne de finansjele problemen tige grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)