Personiel V&D yn grutte ûnwissichheid oer takomst bedriuw

09 feb 2015 - 12:13
  • V&D yn Ljouwert

It personiel fan V&D wachtet yn spanning ôf wat der út de ûnderhannelings komt dy't ek moandei wer fierd wurde. It giet al langer min mei de winkelketen en der wurdt fan alles besocht om de kosten te drukken. Eigeners fan de gebouwen wurdt frege de hier te ferleegjen en it personiel soe lean ynleverje moatte. Moandei wurdt hope op nijs út it haadkantoar. Yn de festiging fan Ljouwert is de stimming wikseljend, mar se besykje posityf te bliuwen. It falt harren wol op dat in soad minsken dizze dagen kadobonnen ynleverje, folle mear as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)