Personiel swimbad lulk

07 des 2007 - 13:46
  • Swimbad Vitaloo yn Boalsert
  • It personiel is benaud dat se aanst in min pensjoen hawwe

Wurknimmers fan it swimbad yn Boalsert tinke der oer om in koart pleit oan te spannen tsjin de gemeente. Fan 1 jannewaris ôf hat it swimbad in nije eigner.

De 15 wurknimmers binne benaud dat se der by har pensjoen op achterút gean. It pensioenfûns fan de nije eksploitant soe folle minder geunstich wêze. De gemeente seit net ferantwurdelik te wêzen foar it pensjoen fan it swimbadpersoniel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)