Personiel Spaansen net akkoart

11 des 2012 - 10:00
  • Spaansen

Wurknimmers fan de Spaansen Groep gean net akkoart mei it foarstel fan it bedriuw om de ûntslachfergoeding út de opsistermyn te beteljen. By it bedriuw krije mei-inoar 69 minsken dien. Fan harren wurkje 35 yn Harns.

Spaansen sit finansjeel klem. Jild foar in sosjaal plan is der neffens it fakbûn hast net. It fakbûn en Spaansen hawwe in foarstel dien om de meiwurkers in ûntslachfergoeding fan 2400 euro te jaan. Dy moat dan betelle wurde fan it jild dat in koartere opsistermyn opsmyt. Tongersdei is der wer oerlis oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)