Personiel Nirota giet mooglik yn berop tsjin fallisemint

25 nov 2015 - 17:08
  • Nirota

Wurknimmers fan it Snitser tankbou-bedriuw Nirota oerlizze mei de fakbûnen oft se yn berop wolle tsjin it fallisemint fan it bedriuw. As se yn berop geane, kinne se in fallisemint mooglik noch keare. Mar omdat it bedriuw net in soad finansjele middels mear hat, krije de wurknimmers dan foarearst gjin salaris útbetelle.

Neffens kurator Verdonk is dat in dilemma,. Hy lit ek witte dat it bedriuw de kommende wiken gewoan iepen bliuwt om de rinnende saken ôf te meitsjen. Der binne al ferskate oernamekandidaten.

UPDATE: Nei oerlis mei de fakbûnen ha de wurknimmers besletten om net yn berop te gean tsjin it fallisemint fan Nirota.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)