Personiel Moerborch bot skrokken

31 mrt 2006 - 10:20

It personiel fan soarchynstelling Moerborch is bot skrokken fan de fraudesaak by de ynstelling. It personiel is benauwd dat de dochs al swakke finansjele situaasje noch minder wurdt. Tongersdei waard bekend dat der mooglik hûnderttûzenen euro's ferdwûn binne by de ynstelling. By de ferskate lokaasjes fan Moerborch wurkje sa'n 650 minsken.

De direksje fan Moerborch hat yntusken oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)