Personiel MCL Harns ferslein

11 okt 2007 - 12:27

It beslút om de operaasje-ôfdieling fan it MCL yn Harns te sluten is in hurde klap foar it personiel. Dat seit foarsitter Jongbloed fan de UR. De sluting kostet 15 minsken har baan. De ôfrûne jierren binne der gergeld saken feroare yn it sikehûs. De UR wol fan de direksje witte oft dit foarearst de lêste feroaring is.

Fan febrewaris ôf binne der allinne noch poliklinyske ûndersiken en lytse yngrepen yn Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)