Personiel Lelie trochbetelle

30 jan 2009 - 11:44

Persoaniel fan it fallyt ferklearre reyntegraasjebedriuw Lelie_Hollander yn Drachten wurdt yn alle gefallen de kommende seis wike trochbetelle. Dat hat wethâlder Boersma fan Dongeradiel sein yn antwurd op fragen fan de FNP.

Dongeradiel hat ferskate projekten mei it bedriuw opstart, lykas it wurk- en learsintrum Aalsumerpoarte. Ut kontakt mei de kurator fan it fallite bedriuw soe neffens de wethâlder blike dat in trochstart fan Lelie Hollander net útsletten wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)