Personiel Holland Casino wol stake foar leansferheging

04 des 2015 - 14:59

It personiel fan Holland Casino, mei ek in fêstiging yn Ljouwert, sil stake foar mear lean. De direksje fan it bedriuw is net yngien op in ultimatum fan it fakbûn FNV foar trije persint mear lean. Wannear't de staking begjint is net dúdlik. Neffens it fakbûn kin dat elk momint wêze.

De FNV fynt dat it personiel fan Holland Casino te min profitearret fan de bettere resultaten fan it bedriuw. De direksje is it dêr net mei iens. De wurknimmers krije dit jier wol in leansferheging en ek noch in winstútkearing.

De FNV is it iennichste fakbûn dat tuskentiidse CAO-ôfspraken ôfwiisd hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)