Personiel Hearrenfean bypraat

14 feb 2013 - 12:51
  • SC Hearrenfean

It personiel fan SC Hearrenfean is tongersdeitemiddei byelkoar foar in plenêre gearkomste op it stadion. De meiwurkers wurde bypraat oer de lêste stân fan saken by de klup. De lêste dagen is der in soad kommoasje oer it belied by de klup. Foaral foarsitter Robert Veenstra soe in 'skrikbewâld' útfiere dêr't meiwurkers harren troch yntimidearre fiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)