Personiel fallyt Van der Veen-transport diels oernaam

29 nov 2014 - 15:04
  • Transportbedriuw Van der Veen yn Burgum

Combex Transport Bedrijf nimt it personiel fan it fallite transportbedriuw E. van der Veen yn Burgum diels oer. Dat hat kurator Mathijs Oudman sneon meidield oan de meiwurkers fan Van der Veen. Minimaal 35 minsken fan it Burgumer bedriuw komme op 5 jannewaris yn tsjinst fan Combex út Eastermar. Mooglik wurde dat noch mear.

By E. van der Veen wurkje 67 minsken. Om foar te kommen dat it bedriuw klanten kwytrekket, soarget Combex der ek foar dat de sjauffeurs foarearst trochwurkje kinne. De klanten kinne dan yn it nije jier mei nei Combex.

Transportbedriuw E. van der Veen yn Burgum hat in skuld fan 3,3 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)