Personiel dreech te krijen

13 jul 2009 - 22:46

It Frentsjerter ynternet bedriuw ICIT kin hast net oan goed personiel komme. Al moannen binne der fakatures by it bedriuw mar dy binne hast net yn te foljen. In soad bedriuwen yn Fryslân hawwe it op dit stuit dreech fanwege de ekonomyske krisis, mar by ICIT giet it poerbest.

Neffens direkteur Marketing en ferkeap Joël Heiner komt dit omdat it bedriuw klanten hat yn de soarchsektor, by de oerheid en yn de kommersjele wrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)