Personiel Ardagh staakt opnij foar bettere CAO

11 nov 2015 - 18:56
  • Der wurdt opnij staakt yn de metaalsektor

By it Ljouwerter metaalfabryk Ardagh is woansdei opnij staakt foar in bettere CAO. De staking by Ardagh is in opmaat nei in gruttere staking dy't tongersdei hâlden wurdt. Dan wurdt der neist by Ardagh ûnder oare ek staakt by Meijer yn Sint Jabik, Damen yn Harns en De Boer yn Ljouwert.

Neffens direkteur Terpstra fan Ardagh is it net terjochte dat by syn bedriuw twa dagen staakt wurdt en by oare bedriuwen mar ien. Terpstra seit dat by him de omstannichheden foar de wurknimmers faak better binne as by de oare bedriuwen.

De ôfrûne tiid leinen wurknimmers yn de metaalsektor it wurk al faker del út ûnfrede oer it útbliuwen fan in nije CAO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)